Yn ôfwiking fan de reguliere tariven hat Parkeargaraazje Leeuwarden C.V. foar ynwenners dy't yn de binnenstêd fan Ljouwert wenje, hawwe de mooglikheid om in jierabonnemint ôf te nimmen mei 50% koarting (hjirnei: "binnenstêdkoartingsabonnemint"). De betingsten dêr’t it binnenstêdkoartingsabonnemint yn ôfnommen wurde kin, binne sa:
Jo wenje yn de binnenstêd fan Ljouwert. Sjoch hjirfoar de kaart op dizze webside.
De binnenstêdkoarting is allinnich jildich op de parkeargaraazjes P-Hoeksterend, P-Klanderij, P-Oldehove en P-Zaailand.
De termyn fan it binnenstêdkoartingsabonnemint is op syn minst ien jier.
Under foarbehâld fan tydlike en skriftlike opsizzing wurdt it binnenstêdkoartingsabonnemint stilswijend fernijd foar in perioade fan ien jier nei ôfrin fan de abonnemintsperioade dy’t ôfpraat is ûnder deselde (koartings)betingsten, mits jo dat oanjaan yn jo Park Spot-portaal.
De abonnemintskosten moatte foarôf en yn ien kear betelle wurde.
Foartidich opsizze en mooglik werombetelje is allinnich mooglik by ferhuzing nei in oar postkoadegebiet as dat by de binnenstêd heart.
Per adres kin mar ien koartingsabonnemint yn de binnenstêd ôfnaam wurde.
Adresgegevens fan de abonneehâlder wurde kontrolearre troch de gemeente
Binnenstêd koartingsabonnemint Zaailand, Oldehove, Klanderij en Hoeksterend.