Parkeargaraazje
Zaailand
Parkeargaraazje Zaailand stiet steefêst yn de top fan de bettere parkeargaraazjes yn Nederlân. Dat fernimme jo fuort. De garaazje is oersichtlik, biedt noflike parkearplakken en jo parkearje jo auto yn it hert fan de binnenstêd. Fanút de parkeargaraazje stappe jo sa it winkelsintrum Zaailand of it Fries Museum yn.
Iepen
Moandei oant en mei snein 24 oeren deis iepen, ek sneins en op feestdagen.
Ynrydhichte
De maksimale ynrydhichte is 2,10 meter.
Kapasiteit
Parkeargaraazje Zaailand hat 720 parkearplakken foar auto's.
Service
7 romme minderfalide parkearplakken (allegear tichtby de treppehuzen) en fierder toiletfoarsjenningen en rolstoelferhier.
Oplade
Der binne 2 oplaadpunten foar elektryske auto's.
€ 0,50 de kWh (ynklusyf btw) eksklusyf de kosten yn rekken brocht troch jo provider.
Direkte betelling is ek mooglik.
Tarieven
Deitaryf fan 6.00 oere oant 19.00 oere. Jûnstaryf fan 19.00 oere oant 6.00 oere. De tariven wurde berekkene per minuut
Tariven P-Zaailand
Tariven P-Zaailand
De tariven wurde berekkene per minuut | |
Per oere | € 2,- |
Maksimum taryf | € 10,- |
Jûns fan 19.00 oant 6.00 oere maksimaal | € 4,- |
Maksimum taryf wurdt berekkene fan 06:00 oant 06:00 oere de oare moarns
Fietsenstalling St. Jacobsstraat
Sint Jacobsstraat 30, 8911 HV Leeuwarden
Parkeargaraazje Zaailand
Parkeargaraazje Oldehove
Parkeargaraazje Klanderij
Parkeargaraazje Hoeksterend
Parkeargaraazje Oosterstraat
Parkeargaraazje Revius
Reviusstraat 6,
8913 HT Leeuwarden
Parkeargaraazje Zaailand Zaailand 5, 8911 BL Leeuwarden
Oanfoljende ynformaasje
Foar alle parkeargaraazjes jildt dat de dei begjint om 06.00 oere moarns en duorret oant 06.00 oere de oare moarns. It jûnstaryf begjint om 19.00 oere en sit altyd binnen it maksimum op in dei. Ek op ’e keapjûnen is it jûnstaryf maksimaal € 4,00. Yn- en útriden sûnder beteljen o/m 10 minuten. De útrydtiid nei it ôfrekkenjen is 13 minuten. Yn P-Oldehove, P-Klanderij, P-Hoeksterend, P-Oosterstraat en P-Revius is útriden altyd mooglik (Parkearkaart meinimme).