Skip to main content

Parkearje yn Ljouwert

Yn Ljouwert binne wy grutsk op ús binnenstêd. En wy binne gastfrij: ek foar de auto. Dêrom fine jo yn Ljouwert treflike parkeargaraazjes. Fiif yn en by it sintrum, ien oan de westkant fan de stêd. Ek ús tariven binne freonlik. Al fan € 4,00 deis ôf stiet jo auto feilich en drûch.

Modern
en tagonklik

Ut de sintrale kontrôlekeamer wei monitoarje wy ús parkeargaraazjes 24/7. Ek fynst yn al ús garaazjes laadplakken foar elektryske auto's en parkearplakken foar minderfaliden.

Laden zwart   bewaking zwart   parking space zwart

in_en_uitrijden-f27a6628 Parkearje - Parkeergarages Leeuwarden

Yn- en útride

Us parkeargaraazjes meitsje gebrûk fan kentekenwerkenning. It kenteken fan jo auto komt op jo parkearkaart te stean. Ha jo betelle by ien fan 'e betelautomaten? Dan kinne jo binnen 13 minuten ienfâldich útride. Hâld jo parkearkaartsje wol altyd by de hân!

Utride bûten iepeningstiden?

Fia jo parkearkaart, abonnemintspas, of oare parkearpassen krije jo tagong fia de kaartlêzer by de tagongsdoar fan de parkeargaraazjes. Slagget dit net? Druk by de tagongsdoar op de ynformaasjeknop Info symbol (jo fine dy by de kaartlêzer). Of skilje it sintrale nûmer Tel. 058 212 80 05.

uitrijden_buiten_openingstijden-e999cc34 Parkearje - Parkeergarages Leeuwarden
fietskluis-12610530 Parkearje - Parkeergarages Leeuwarden

Fytsklûs P+R

Dyn auto parkearje oan de râne fan Ljouwert en dan op de fyts de stêd yn? In tûk idee! Do mijst net allinnich files, do komst ek in stik fitter oan. Tanksij in fytsklûs ha jo jo eigen fyts altyd by de hân. Besykje ús webside Fietsenstalling Leeuwarden foar mear ynfo.

Check de sinjalearringsbuorden

Hokker parkeargaraazjes binne iepen? Wêr is noch plak? Lâns de ynfalsdiken nei de binnenstêd en by de parkeargaraazjes steane sinjalearringsbuorden. Hjirop fine jo aktuele ynformaasje oer ús garaazjes.

check_de_signaleringsborden-dfe5ed07 Parkearje - Parkeergarages Leeuwarden
vragen-1c3b4c18 Parkearje - Parkeergarages Leeuwarden

Fragen?

Wolle jo mear witte oer Parkeergarages Leeuwarden? Foar faak stelde fragen kinne jo telâne op dizze side besykje . Hjir fine jo antwurden op de meast stelde fragen. Is jo fraach noch net beäntwurde? Nim dan kontakt op mei 058 212 80 05 of info@parkeergaragesleeuwarden.nl. Wy helpe jo graach fierder.

ParkeergaragesLwd_logo_DIAP_RGB Parkearje - Parkeergarages Leeuwarden

Altyd tichtby it sintrum, oantreklike tariven, feilich en noflik. Dat is parkearje yn Ljouwert.